SIMMERSEIN

It moaiste is fuort. De simmer giet nei d’ ein.
Al frij wat skeind is ’t beamt’ fan wei en hôf
En blommetún. Noch binn’ de greiden grien,
Mar wiet en keal en kâld yn ’t iere skaad.

Mar ink’le stûken stean noch op ’e bou
En hjerstich rûkt it op ’t ierappellân.
Dit jier hat hast it lân syn wurk wer dien
En ’t jout him swietwei nei de winterrêst.

It wurdt sa koel, hast is de krêft tenein
Fan ’t fjoer, dat ús by ’t simmer ’t libben joech.
O simmersein, neijiers sêftdroev’ge tiid.
Hoe hearr’ by dy ôfnimme en fergean!

Strak slút him ’t libben yn ’e pleatsen op
Foar hjerstmis’ rein en fûle winterkjeld.
Wat bleke sinne skynt ta keamersfinsters yn,
Mar waarm is ’t bûthús en de kij haww’ ’t goed.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *