SIMMERMOANNE

SIMMERMOANNE

 
No komm’ de dagen op yn ljochte rigen
En geane om my stean: in blide ring,
As bliere famkes, dy’t de eagen glânzje
Yn maitiidstoai fan bûnte blommestring.
 
Hja drage oan har wûndermylde jeften
Fan sinneskyn en gouden jonkheidstiid,
En allegearre binne it goekunden:
Myn eigen dagen sjoch ik ryk en bliid.
 
In dei as hjoed ropt op it ljochte libben;
Wa brocht it oan? – De flearbeam yn ’e pronk?
De miggen’ fleurich gûnzjen yn ’e sinne,
En yn ’e jister ’t melken, dat yn ’e amer klonk?
 
Of wie it faaks it weven fan ’e raaien,
It derten jongguod yn it simmerlân?
Of hat it west yn ’t hôf de berne djoeien
Op flinters út, mei blommen yn ’e hân?
 
Sa rûn ik doe de wei út, doe’t de siele
Foar ’t earst de skient’ fan sinne en simmer wûn,
En romme ’t moai yn ’e earste sangprebearjen;
En seach in wrâld dy’t iepen gûn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *