SIMMER

SIMMER

 
De bliere simmer is fol ljochte wille:
De bolle wyn, dy’t oer ús hinne giet,
De swiete roken, dy’t er mei him draacht,
De blommen en de sinne en it fûgelliet.
 
Sêft as de wyn aait ús it lije wetter;
Natoer jout har, is net ôfkearich mear;
Wy fiele it lok: ien mei it grut heelal,
En libje it libben mei fan plant en dier.
 
Yn koarte fleur is brocht it heechste libben;
Ien dei fan pronk, de blommen binne wei;
De miggen gûnzje, moarn is ’t sjongen út;
Mar minske nimt fan alle oefte mei.
 
De bliere simmer is fol ljochte wille;
No wurdt ús alles, alles jûn;
Wat sa him iepen docht, nim oan,
Hast is ús deiskoft ek ferrûn!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *