SEPTIMBER

SEPTIMBER

 
Oan dykskant siet ik.
It reid ferweegde yn it kroas;
In froask stiek syn kop der troch hinne – yn hoe lang hie ik dy
     net sjoen –
No bin ik wer ien mei it Fryske lân.
In boereman ropt in oaren oan om oer ’e minne tiid te praten;
 
Ik fûn de tiden sa min net:
De lepen saaie oer it greidlân,
En in drystenien oan ikkersein pronket mei syn kúf.
 
It hôf wurdt al iepen;
It âld minske, mei de wytmûtse op rint foar ’e finsters lâns,
En sjocht oer it fjild dat al hjerstich wurdt.
Mar dan tink ik oan de jonge kearel, dy’t ik justerjûn op ’e
     seedyk seach,
Mei it mûtske efter op ’e holle en de ljochte eagen oer it wiid;
It sil in fisker wêze, boerefolk hat dat frije wêzen net.
Ik soe wol witte wolle… mar ik bin as Goethe net
Dy’t mei eltsenien prate koe;
Ik sil de tean net fetsje, – en ik ken de boaten net
Dêr’t de wyn oer snijt en it skip net dat oan ’t anker hoart.
Sa sil dit libben my wol frjemd bliuwe
En it âlde allinne sil my eigen wêze.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *