SA’N LIBBEN

SA’N LIBBEN
 
     I
Ik sjoch sa’n libben; it is fergûn,
Mar hat syn rjochtlik plak yn ’t ierdske hân.
It hie syn bloei, as krêft natoer ferwûn;
As it libben gong nei ’t oare libben út.
Fan watsto foarbrocht hast binn’ marken bleaun,
En bleaun is ek dyn byld, by my, by neisten mear;
O wûnder; libben jit wat fuortgûn wie!
Kinsto dit grutter sjen? Al wat der wie
Opnomd yn ’t Albegryp, dyn wêzen en do sels?
– Of sjochsto oars: dosels tsjinoer de Geast
En dan te heger went it ivich lofgesang?
Myn grutste eagenblik hat west as ik
My ien mei al ’t besteande fiele mocht
En mei wat west hie; fan wrâldsiele diel.
 
‘De dichter dichtsje en net kleie,’ wie it wurd.
Mei ’k dit sa neame? Kleien is it net;
En as it dichtsjen is, is der wol wat
Foar jonge manskip yn?
– It is myn eigen stim.
 
 
     II
Mar dan sjoch ik myn eigen libben oan;
Wa bin ik, dat ’k safolle langer libje mei
As dy twa oaren: d’ iene ‘grut’ beneamd
En d’ oare dy’t safolle mear as ik
Oan Fryslân joech. Ik bin mar lyts,
Net klear foar earedit of earedat.
En Fryslâns dichter dochs?
Mar Fryslân is, myn freonen, ek mar lyts
En foar in heldedicht hat it gjin stal.
Wat ik beneamd haw is in minske op ’n hiem,
In feint oan ’e seedyk; de ierde as draachstermem.
It measte haw ik sein. As ’k no mar wiisheid haw
En hâld beside wat net skiklik is.
‘De dichter dichtsje’; mar de hoed en noed!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *