RYNSK

RYNSK

 
De bernetiids kost’le rykdom,
Herinnerjens swiete hûs,
Dat haw ik der aardich trochbrocht,
Mei freonfolk, yn dichters rûs.
 
Dy herberch dêr op dykskrune,
Dêr gong ik sa jerne oan;
Fersette ’r myn heite terplân,
’t Wie dochs mei my bestoarn!
 
En wat fan fiere âlden
Troch ’t bloed my oankomd wie,
Dat joech ik wei oan eltsman,
Dêr’t ik licht as freon oer stie.
 
No bin ik ta oan it libben,
It ynlikst sielsbestean;
Hâldt it net – dan sil ik moatte
Yn it earmhûs te stjerren gean.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *