ROMANTYK

ROMANTYK

 
Wy geane ús wegen troch fjilden en wâld,
In jimmer warb’re stoet;
In langst fan iere tiden bleaun
Is libben yn it bloed.
 
Wy geane, in stream dy de wrâld beslacht,
En siikje it frjemde lân;
En wêr de ierd’ oan ’e kym fergiet
Riist himmelheech it strân.
 
En alles wat kleur en libben hat
Nimt ús de sinnen mei;
Wy helje de ljochte merke yn
En rinne de spylman nei.
 
En as yn ’e maitiid yn nije groei
It gers yn ’e stêd op rûkt,
En it minskeguod, fan har stâlen ôf,
De bûnte finne lûkt:
 
Yn in griene skimer blinkt it lok
Wêr de âlde mole stiet,
En in ljochte stream by de wylgen lâns
Troch de legere fjilden giet.
 
Dan komme de wûnders op ús oan
Ut frjemde wrâlden wei;
En de ieuwen ride op ús ta
Feriene yn macht’ge dei.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *