RIE

RIE

Rin net it paad fan dyn jonkheid te faak,
Lit it swalkjen derhinne wat wêze;
Do sjochste it net mei it each fan doe
En it moai kinste net mear sa lêze.
 
Want boppe it libben giet de dream,
Wol yn dream oan dy oarden tinke!
Dan sjochst mei it each fan dyn bernetiid,
Wêr heech de ljochten troch blinke.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *