REIDSNIJE

REIDSNIJE
 

Wy moasten fuort om reid te snijen,
Lang reid dêr’t wyn yn risselt,
Wêrfan hja kuorren meitsje;
En mochten yn in boat
Fiiffâldige mar befarkje.
Kamen op ’t eilân fier foar middeitiid.
– Wy leinen jûns noch yn it gers
En hienen net in hânfol reid
Om mei nei hûs te nimmen, snien.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *