PROVINSJALISTYSK

PROVINSJALISTYSK

Ik sit foar it finster yn ’e sinne en sjoch nei it bewegen fan de
     twiichjes fan de roazebeam;
Sa kin in ynvalide yn oktober noch eat fan de simmer hawwe.
Oan ’e line hingje himd en lekken opbolle fan de krêftige wyn;
Ik tink: foar myn kuier op’e seedyk soe sa’n wyn wol wat te
     stiif wêze.
Nee ik haw net folle war dien om ‘provinsjalistyske en
     folkloristyske tradysjes’ te ferbrekken;
Ik bin mar in stikje provinsje en folkloare hat myn kostelikste
     spize west;
(Provinsje, lit ús sizze, fan de ierde, atoomke fan it heelal.)
Mar dêrút wei haw ik de ierde beneame kinnen as fiedster en
     boarne,
En in inkele kear haw ik my fierder bejaan doaren yn alsiele’
     grut domein.
Sa haw ik der gjin ferlet fan hân mei Sjoerd nei Perzië of
     Arabië te reizigjen,
En woestinen en oseanen binne my alheel frjemd bleaun.
 
En no sit ik hjir, mei myn beide stokken nêst my, yn de
     waarme strieling dy’t de himmel jout,
En de wyn, dy’t fan de ierde is, bringt my it libben bewegen
     fan de beamtûken.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *