PEASKEMOANDEI

PEASKEMOANDEI

 
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiersdronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ’e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ’e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.
Efter doarpstún en hiem bliuw ik stean.
It âld stek en rou haachguod wyld begroeid,
De gloaiende wâlen sa grien!
De brune sleat fol tyljende maitiidsgeur;
En oprinnend nei ’t hege, út modder en weaze,
De hokken en stekken fan ’t boereeigen’
En tsjillen en slachters; en dan it binhús
Earen sa steatlik, no âld en skeamel!
O dit allegearr’ mei ien streek te omfiemjen,
     – As hy dy’t ik net neame sil! –
En by it bargehok stean ik as in muorre.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *