OP WEI NEI ALLINGAWIER

OP WEI NEI ALLINGAWIER

 
Ik rûn troch ’e finne – hoe fearre de grûn –
It âlde, âlde paad;
O dyn libben triljen ûnder ’e foet
Myn ierde, trouwe maat!
 
De klaver bloeide, it lân stie sa skoan;
Sêft weefde de bûterblom,
It fine kopke kreas omheech;
Hoe glânze de gouden kom!
 
En alles glânze; de loft wie sa klear,
Ut ’t westen kaam ’t wyntsje wei;
Heech dreauwen nêst my yn ’t kanaal
De ljochte seilen mei.
 
O alles fleur; mar skeind wie de pleats,
Dy’t sa blier yn myn tinken stie.
’t Wie ’t âlde, golle hûs net mear,
Wêr’t jonkheid syn wille hie.
 
     – O dy âlde pleatsen, sa gol en froed,
En dy hôven, bernegeniet!
Wat is fan ’t lang bewarre byld
It stil tebinnenbringen swiet! –
 
Dêr lei it doarpke, sa smout yn it beamt’,
Sa grutsk op syn hege wier, –
Fan ús âlden omheechbrocht foar stoarm en floed,
Har taflecht yn mannich jier.
 
Dat is wol it echte Fryske doarp
Mei syn swiere stompe toer;
Sa seach er ieuwen fan ’t ienlik plak
De fjilden en marren oer.
 
Mar fromme mannen fan Allingawier
Foldie ’t yn har tsjerke net;
Hja ferlieten har heite hillich hûs
Foar in skuorke yn ’e greide set.
 
Dêr stiet no it keale flinterhús,
Wêr’t hja hearre de wiere lear;
En wêr’t har pake sillich rêst,
Dêr is de wierheid net mear.
*
Mar feinten, hark! In stoarm komt op!
O sjoch wer de mar! Dan de grime see!
O need! De weagen nimm’ alles mei!
It nije fersinkt; it âlde hâldt stee!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *