OP IN REINIGE MIDDEI

OP IN REINIGE MIDDEI

 
Ik sit troch it finster nei de wei te sjen.
Ik haw gjin bern dy’t bûten boartsje, om oan it rút
     ‘gedachtloos gelukkig’ toevje te kinnen.
(O dichter, hoe hâlde dyn wurden my fêst!)
Ik sjoch mear nei de frachtauto’s, dy’t it sân fersette dat
     Fryslân feroarje moat,
En nei de Ato mei wat matroaskes, dy’t in pear dagen frij
     hawwe.
 
‘De grutte en lytse dingen fan it lân besjonge’ soe myn fak wêze.
Jou my dan de grutte dingen, feinten, dat ik net op’e
     terpen en diken fan ús âlden hoech stean te bliuwen!
– Haww’ jimme wol ris heard fan Aesge en Keimpe fan Blije,
     dy sterke en beromde mannen dêr it folk fan song?
De Hezelinga’s sloegen Aesge dea, mar Keimpe foel yn dy sa
     ferneamde slach by Boarne.
Ik soe ek wol fan grut en sterk sjonge wolle; en dan gjin
     ‘lekespul’ of soks sawat,
Mar mannesang, al hoecht der gjin bloed yn te floeien as fan
     Keimpe yn dy slach.
 
En sa bin ik no de siker nei bruorren en susters sa as Coolen
     se yn Fryslân sjoen hat.
Mar ik haw allinne fûn dy sterke bûterskippersfeinten fan Grou,
Dy’t op ’e grûn lizzen gongen om oer har hinne wâdzje te
     litten, doe’t de nije boargemaster kaam.
(Net alheel tule, freonen! Sjogge jimme har net heech oprizen foar
de eagen fan jimm’ jonkheid?)
– Ik tink hast, ik sil de see wol hawwe moatte om it grutte te
     finen;
It binne oare eagen dy’t oer in skipsboard gean as oer de
     bûthúsmjilling.
Mar de see sil ik wol net mear benei komme kinne.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *