OP HAR TERP

OP HAR TERP

 
It wie sa ljocht. De pleatsen stiene
Heech op har terp yn fleur’ge ring
De blide hôven leinen iepen
Foar sinne’ mylde koestering.
 
Wat moanne of tiid? Mar al it bliere
Fan jierreomgong kaam hjir gear.
Ik leau… O, sjoch de finnen blinken
En fûgels doarmje om hûs en hear.
 
It is wol simmer. Flearehagen
Mei pronk fan wite rûkers stean,
En yn it hôfke, stil, boerinne
Lit oer al ’t moai har eagen gean.
 
Mar, wûnder! Yn it bûthús rêste
De bûnte kij fan ’t drege miel,
En troch it lytse finster dûnset
Yn ’t stof in lichte sinnestriel.
 
It is wol winter. Yn it mulhús
By fromme hurd is ’t waarm en smout
En pake hat – de neideis wille –
Heechop it âlde fjurke boud.
 
It is as sjoch ’k de kleurige bylden
Fan âlde twalingskilderij.
En fan fierwei in stille freugde
Giet oan it drôgjend each foarby.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *