OP ’E DYK

OP ’E DYK

Doe’t ik, lyts boike noch, mei mem de dyk lâns teach,
Nei Skuzum ta, en mei de lammen prate en die,
Hoe fierôf wie my doe, dat dêr in Fryslân lei,
In strieljend fjild te sjen. Us – bern – bleau it te grut;
De romte tusken dyk en peallen wie ús paad,
Mei eltse bocht wer nij. De kisten no en dan
Us noegen ta in klim, in loaits de heechpeal oer,
Nei skip of haad en wier.
Earst letter joech de dyk ús ’t lân en heal de see;
En meast de see. De seilen blank en brún
Earst tichteby, dan fier de grutte streamen yn,
Oant har de kym ús naam; reek fan in ink’le boat.
En jimmer ljocht en libben yn it weagjend wiet.
 
Mar doe wer d’ âlde wei, de suderdyk;
En wòl it lân, net mear te grut mar goed as eigen grûn.
De blanke feart yn ’t easten op, dêr efter d’ âlde toer,
It Skúster fjild, de bou, omboarde mei it reid,
En alles kleur: fan grien en swart en goud. Dêr oer
It doarp, it spitske yn ’t beamt’; de huzen dêrom gear
Yn lyts bestek. En noch in doarpke; koaien’ donker bosk
Yn ’t ljochte lân. En fierder fuort in stêd …
O leaflik oard! O gouden stûnene dream!
 
En as wy keare, oan havenkant gjin rêst.
De rynaak lost, de liere raast; oan ’t hoofd it libben folk
Mei skippersboat nêst boat. Hjir is it moedich hert,
Dêr Fedde ús fan song; no kamen hja by my,
En by it âld belibjen komt har manlik wurk.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *