OP DE TERP

OP DE TERP

 
It heucht my noch, ’t wie op in snein,
It hert wie licht en frij;
Wêrhinne? O wy wisten ’t net,
De wrâld wie jong en nij.
 
Wy rûnen stil de wegen út,
De ljochte greiden yn,
En oer de waarme fjilden kaam
De klaverswiete wyn.
 
Dêr lei in doarpk’ op hege wier;
Wy kleauwen op syn krún,
En seagen fan de heechste kling
Ald Fryslâns blide tún.
 
Hjir oan ús foet it grize hôf,
Dêrnêst in wûnder paad,
Troch beammen oan ’e steile wâl
Fan flakke greiden skaat.
 
O lokkich skaai, sa wie myn dream,
Dat hjir syn wenstee fûn,
En sa yn boartsjens gouden tiid,
Wat net fergean kin, wûn.
 
O beammen oan it hege paad,
Tefike en tegnaud,
Myn leaven, trouwe skûl en honk,
My inerlik fertroud!
 
In wûnder fielen gong my oan;
Ik seach de tiden gean,
En fielde my, fêst oan ’e grûn,
As ieuwen oer hjir stean.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *