OM MAAIE HINNE

De himmel blau, de sinne klear,
Wytengielbûnt de âlde finne;
Fan ’t east de middeiswaarme wyn
Strykt oer de flakke greiden hinne.

De skries ropt en heech stiet de ljurk;
It jongfee trapet troch de blommen;
Yn ’t dompich bûthús balte d’ âlde kij,
Hja fiele de mailoft kommen.

Boerinne tôget mei de faam
It bêdguod út, en yn ’e sinne:
It wierret hjoed sa wûnderskoan,
No himmelje wat hja kinne.

De bern ha skieppeblommen socht
En woll’ dêr in krânse fan riuwe;
Ien boartet mei stâlen fan hynsteblom,
Dy’t kroljend op ’t wetter driuwe.

De skuorre is leech; troch d’ iepen doar
Flean rêd de sweltsjes nei boppen;
It spinreach toutert, yn gollestee
Steane de keallen te roppen.

It jonge foarjier is yn ’t Fryske gea!
Do hearst’ it al binnensmuorre,
Yn kowerop en fûgelsang
En ’t winesûzjen troch de lege skuorre.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *