O, DEADEN HEECH YN KLEARE SEAL

O, DEADEN HEECH YN KLEARE SEAL

 
O, deaden heech yn kleare seal,
Wêr ’t each in ein net fynt,
En jimmer wer yn macht’ge bôg’
De romte út romte tynt!
 
In folts ûneindich yn getal,
     – Mar lyts yn ’e id’le romt’ –
En elts in libben, stil bedreaun,
Oant stof oan ’e ierde komt.
 
Lang wien’ w’ elkoarren frjemd; wat wie
My jimme fiere ryk?
Mar no bin ik jimm’ rigen nei,
Besibbe freon allyk.
 
No is my ’t roasread ljocht fierôf,
Dat blonk op jonkheids paad;
En ’t sûnder ommetinken gean
Belune yn ’t jamke skaad.
 
Myn freonen, dy’t de dea bestie-
nen, grut troch swierste tocht,
’k Haw wol jimm’ skimerigen sjoen
En libben foar my brocht.
 
Koart wie de dûns yn ’t simmerlân,
En lang de wintertiid;
Lyts wie, ta rêst, de lege skûl;
It mêd lei keal en wiid.
 
En inkeld wie it strangrjocht paad,
As ploechfuorg’ yn ’e bou;
En mannich wie de wylde gong,
Wêr ’t doarmjen kaam ta rou.
 
Myn freonen as jimm’ wylde mied’
Sa leit myn eigen lân;
En yn it âldbewende kwea
Haw ik myn leafde hân.
 
Fier is de hege wûnderskyn
En wiid de tsjust’re romt’;
Hoe stûket d’ earme swalkersman,
Dy’t reed en paad ûntkomt.
 
Sa nim my op as eigen skaai
Yn sêftens ta jimm’ laat
As ik de stringen falle lit,
En him myn folk ferspraat.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *