NOVIMBERDREAM

NOVIMBERDREAM

 
Oan ’e kym, de sulv’rengrize,
Stjert novimbers stille dei;
En út wolkenreach en dize
Wûnd’re foarmen steatlik rize
En hja nimm’ in libben mei.
 
Alde dreamen, lang fertige,
Jou har iepen op ’e nij.
Al myn leaven, freonen, migen
Komme op yn lange rigen;
Heel in wrâld giet my foarby.
 
Earst myn jonkheids eigen sibben,
Sjoch se stean yn ’t sêfte ljocht!
Of ’k hja mett’ yn dream of libben,
Hoe’t hja ta ien stoet beklibben –,
Yn in freonerûnte brocht!
 
Dan ferlines bylden, sjammen,
O, myn âlden my sa nei!
Earb’re húslju, feinten, fammen,
Bern fan hege Fryske stammen,
’t Komt út skiere fierte wei.
 
’k Seach it brief, de grize serke,
Wêr’t har âlde namme stiet.
Dan har libben: from yn tsjerke,
By fioele en bier te merke;
Alles op syn eigen tiid.
 
Ek myn koarte dagen driuwe
Sêftkes nei ’t ferline ta.
’k Sil út dizze kriten kliuwe
Dan allinne as byld noch bliuwe
En ’t heelal ta wente ha.
 
*
 
Hast is ’t lêste ljocht fersille,
Skaden lûke oer hiem en grêft.
Gjin droefblide dreamewille
Kin mear ’t hert omhegen tille.
En de himmel slút him sêft.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *