NIJE WRALD

NIJE WRALD

 
Hja sizze: wrâld is min; yn skoaiers keet
Moat húzje ’t wurksum folk, tegnjidde en strûpt;
Syn bodzjen hat gjin frucht. Foar wyld groeit op
’t Wankleurich skaai, dat yn ’e goaten krûpt.
 
Hja sizze: ’t folk is dom; it kin net sjen –
Utsein it lytse tal dat, begenedigd, wit –
De hege seine fan it godlik mal,
Sa as ’t foar har ferklearre eagen stiet.
 
Hja leavje, sizze hja, it minskdom wol;
Hja roppe it gear en sprekke lûd en fel,
Hja sette er op har lichem en har siel:
Tebrutsen stroffelje hja by ’t platform del.
 
Har leafde foar it earme folk is grut!
– En giet dy leafde nei syn libben út?
Nimt hja syn wêzen op, syn wille en wurk,
Syn siele, dy’t hja, machtich, yn har sels beslút?
 
Is it it dichtsel net fan eigen siel
Dat hja foar alles leavje? Eigen drôg’ en sin?
Is ’t hearsksucht net, dy’t strang de leie hâldt,
De fliten twinge wol yn ing berin?
 
Kinn’ hja de Macht’ge net dy it libben driuwt? –
Binn’ hja gjin diel fan him? Ut oare wrâld
In frjemde Geast, dy’t hâldt it minskeguod
Foar boartersreau en wrot en brekt en stâlt?
 
Hy nimt har út ’e grûn en set har del
Nei it bestek, net achtsjend de natoer.
Wurdt it gjin kostlik park? Mar dea komt mei,
En yn ’e woestenije bliuwt gjin libben oer.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *