MYN HUS

MYN HUS

 
Twa finsters hat myn hûs.
Ien op it stêdsgewoel; de minsken komm’ en gean.
Har ropt it deiske wurk; mar ek op ljochte baan
Wol siikje elkoar de lange donk’re rigen
En ’t libben giet nei ’t oare libben út.
 
De swiere weinen rôlje ôf en oan
Fan havenkant,
Wêr’t mannekrêft bringt lêst op lêst omheech.
Want tûzen skûten brochten
Wat d’ ierde joech. O sjoch de fleur’ge mêsten,
De wimpels slaan in wyske!
 
De hege skoarstiens witte it nije libben;
Mar fan ’e âlde tuorren komme galmen
En troch ’e loften trilje lûden fan in fiere tiid.
O machtich wêzen,
Hoe jout him alle ieuwen’ wûnder yn dy iepen!
 
*
 
Op ’t wide fjild sjocht ’t oare finster út,
De lânen lizze blank yn sinneskyn,
It hege ljocht besylt har blauwe see.
 
En eindleas fier giet it ferheard gesicht;
In wrâld leit iepen. Hûndert doarpkes,
Waans tuorren winke.
Sjoch, dêr haw ik hoasfuotling d’ ierde field,
 
In berne earetsjinst; dêr wie it grutte boartsjen
Mei d’ eleminten sels.
En dêr, in sill’ge pinksterdei,
Lei ’k skriemend, lokkich.
Wie my net alles jûn
Yn ljocht en blommen en yn fûgelsang?
 
O, smyt it finster op! It suver lok
Fan apelbeam en lyster mei no komme,
Op ’t sudewyntsje lit it binnendriuwe.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *