MYN BESTEAN

MYN BESTEAN

 
Ik bin mar sljochtwei master yn ’e stêd
En doch wat de dei my jout;
Ik haw gjin diel oan ’t grutte wurk
Dat wrâld syn foarmen bout.
 
Mar oan alle fielen haw ik part
En licht ferweecht it moed;
Nei ’t fiere blau de siele rikt
Nei d’ ierde giet it bloed.
 
Sa kin ik sjonge foar freon en folts
Fan ierde en ’t hege ljocht;
En fan wat siele en sinnen lûkt
Haw ’k yn myn sangen brocht.
 
En faken op in stille snein,
As d’ ierd’ sa rêstich leit,
En ’t leaflik ljocht nimt alles op
Yn syn ûneindichheid;
 
In spitske tsjin ’e blanke loft,
In mole oer it fjild;
Al ’t ierd’bestean, in wûnd’re dream,
Yn hege himmel tild. –
 
Dan tink ik: koe dy stille noft
Net duorje jimmerwei,
En ’t opgean yn it blank heelal
In lok fan aldendei?
 
Mar ’t giet net oan; de tocht fan ’t hert,
It lege wramen bliuwt –
Oant wer in dei fan dream en dicht
Syn leaflik wurk bedriuwt.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *