LUDEN

LUDEN

     Simmermoarnsrym
 
Sa moarntiids om in oere of seis
Lis ik faken wat wekker boppe;
Dan hear ik de lûden fan hôf en hiem
En oer ’t fjild de bistene roppen.
 
It rouwe liet fan boe en oa
Klinkt fleurich fan út ’e fierte;
O simmer wie de simmer net,
Bâlte net dat lomp gedierte!
 
Dêr, nêst my, kraait in hoanne heas;
‘Helderop’ sil ’t him better leare;
De hinnen kâltsje der tusken swiet;
In do lit syn koeren hearre.
 
Yn ’t âlde, grutte apelhôf
Snetterje, wâdzjend om ’t hûs, de einen
Oan ’t tsjoar in kealke toarstich ropt;
Om fierrens rattelje de weinen.
 
Dan klinkt der út it steechje wei
Fan klompen it doffe klossen,
En op ’e helling, dêr ’t wurk begjint,
Hear ’k hammers op ’t izer botsen.
 
Mar stil, hear ’k dêr net boppe my
Fan drippen it skruten tikjen?
Dan fêster en tichter falt de rein
En ’t wurdt in rûzen en klikjen.
 
Alle oare lûden falle wei
En ik lústerje stil nei it reinen.
O goede, golle himmelstream,
No groeit it oan alle einen!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *