LJOCHTE DEI

LJOCHTE DEI

It lûkt my jimmeroan. In ljochte dei
Yn ’e iere maartetiid: It nimt my mei –
Wêrhinne? ’t Hat gjin doel; in dichtersgong
Oer blide wegen en troch dagen jong.
 
Foar oeren, plôke fiere jierren oer,
Haw ’k yn ’e weach beheind gielgoerde djoer.
En noch; is mei de jeld it bloed ferskrield,
Ik wit har djip fan ’e âlde gloed trochstrield.
 
Sa haw ik glâns dy’t ljochtsje en hoede kin,
As ik, âld swalker, my op ’t dicht besin.
En ealste skyn, dy’t oer de rigels falt,
Is fiere glim fan jonkheids dreamgestalt.
 
O wûnder stik! Wer libbet wat ferstoar.
Is it fergûn? It stiet as ’t hjoed my foar.
O siele, spegeljend ta klear bestean!
     – Kin út der sielen’ siel dan eat fergean?
 
Wat namme mei it ha? ’t Is leafde en klacht,
It is de goede ierde’ rike dracht.
Fan lûd en ljocht is it de foarse stream,
Fan sprook en byld de himmelwide dream.
 
– De loft is klear. Nei alle siden út
Rinn’ wegen. Foarjier hat al nij gelút.
Lit hjoed noch siel’ har ierdsk ferhûgjen ha,
Moarn giet it beskate nei ’t ûneind’ge ta.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *