LIETSJE

LIETSJE

 
Ik bin net oars as de âlde boer
Dy’t stiet by de bûthúsdoar;
Om it hûs de lânen lizze te pronk
Yn ljochtste maitiidsgloar.
 
De feint mei it kret draaft de planke lâns,
De boer komt net fan it stee.
Yn drôge sjocht er de fjilden oer:
Lei er ea sa’n simmer ree?
 
Ik bin net oars as de karreman,
De swalker troch waar en wyn;
Mar no yn ’e drokke maaietiid
Hoe helje de froulju him yn!
 
De sinne blinkt sa ljocht en heech,
De lepen roppe aloan;
De fleurige fuorman laket blier,
Noch effen by Afke oan!
 
Ik bin net oars as de arbeidersman,
Dy’t sneins syn wille sa hat;
Dan leit er yn skeante fan ’e dyk
En hat fan ’e wrâld wol syn part.
 
Lit do dy mar wierje, myn âld brigadier,
Wêr it wyntsje oer dy hinne lûkt;
It sâltige gers is fyn en ticht,
It bleke fliekrûd rûkt.
 
Faaks bin ik net oars as de dogeniet
Dy’t rekke fan it paad,
En heite hiem net fine kin,
Alheel fan ’e wyldsin laat.
 
Hy sjongt syn liet. Ei harkje net,
It kweade lokket sa;
Sa’n wylde ruter nimt jimme mei,
En net nei tsjerke ta!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *