LIET FAN IN LYTSBOARGER

LIET FAN IN LYTSBOARGER

 
Ik bin mar in lytse bourgeois.
Gjin erfomke nimt my mei nei syn bankklûs,
En gjin arbeider yntrodusearret my yn syn fakferienigingsgebou.
Mei tûzen triedden sit ik fêst oan it libben fan de koelak.
Myn heit en myn pake hienen mear as twa kij en in hokkeling,
En wis wol lieten hja arbeidzje foar lean.
Net as in frjemd kaam ik yn it bûthús
Om de waarmte te siikjen en it ljocht fan de lantearne.
Al in pear slachten hienen myn âlden har erf;
Hoe soe ik oars de hoarnlegers witte en al de gewinten
Sa as dy har foegje.
En de âlde huzen nei fekken bemetten?
 
Mar no kin ik net wêze as de yndustrieel,
Ik kin net de barns fan galvanisearre izer besjonge
Of de machtige fjilden dy’t de motor bestrykt.
Ek kin ik net as de wrâlddichter wêze,
As er Flaanderens flakten besjongt, heech as ien dy’t it net
     oandocht;
 
Om’t ik hear by har
En yn har eigen taal sjong ik foar har.
Sa sil ik wol bliuwe moatte wa’t ik bin,
Fêst oan it ferline en it Fryske fielen;
De wrâld sil my gjin acht slaan,
Mar faaks sille my tadien wêze
Dy’t stienen op ’e terp en de himrik ôfeagen.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *