LAN EN STED

LAN EN STED

Ik bin fan ’t lân, fan boere en doarpster folk,
En fan it lân kaam my myn ljochtste liet.
Wol mannich man fan Fryske boerestam
Mocht ik in lokglim jaan dy’t net fergiet.
 
Hja sjogge wer it hûs op ’t âlde stee,
De heit en mem en al it warber folk;
De ljochte dyk, it klaverboarde paad
En út it deisk bestean de bylden goed en nolk.
 
Dizz’ dagen drag’ hja heech de lodde út;
Wa spriek syn rom as ik? En wa dy’t seach
It lytse sa: yn ’t bûthús ’t strieljend stof
En yn ’e lege skuorre it touterjend reach?
 
Mar dan de stêden; haww’ jimm’ rizen sjoen
De sterke tuorren fier oer ’t flakke fjild?
O bouwen, heechste died, hoe hat dyn dream
De siele’ jonge drift omhegen tild!
 
Fan ’e dyk ôf har te sjen oer blanke see!
Is eltse stêd dan oerd, útgeand yn ’t wiet?
Dêr foar dy wint hja heel de hoarizon,
En mêst en skoarstien haww’ har machtich liet.
 
Mar o, do Wynering fan ’t boerelân,
No moatsto net yn al te hege moed
De stêd beneame as in kwea gewas,
Foar fromme lânfeint in fertokjend tsjoed!
 
Ik lies dochs ek fan ‘leave stêd’: in frou,
Dy’t har beskreau en dêr har wente hie.
En wy dy’t garje, hy dy’t skoep,
Hja karden ’t libben stêdsbyld ta har die.
 
Do seist: it is de grutte stêd dy’t ik mien.
     – En dy kensto? Har siele is dy nei?
Wa binne wy te fieren sokken spraak?
Betink: hjir kaam it grutte en socht syn wei.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *