KWATRINEN

KWATRINEN
     I
Nea hie er noch fan God – en leafde? – dicht,
Doe hat er ’t klaad, dat him ferdiek, wat licht.
Mar, o, it wie gjin God om oan te sprekken;
Myn freon, myn freon, dan nea mei d’ eagen ticht?
 
     II
Sa binne wy dan oan de leafde ta;
In earsum harker mei dêr diel fan ha.
Mar as dy leafde lei al ûnfermomme
Yn alle dicht? Myn freonen nim it sa!
 
     III
It easterse kwatryn hat sa syn eigen wêzen;
It wol dy twinge yn ’t djipste ik te lêzen,
Mar wês dan fêst, of ’t nimt dyn skut dy wei,
En iepen leit dyn skande foar de glêzen.
 
     IV
Net jimmer hoecht in dicht nei ’t iv’ge ta te rinnen,
Ek tichter by is dichters stof te winnen;
Dêr is de leaflikens fan ierde’ tún,
En ’t stille omgean fan wat deisk beminnen.
 
     V
Der is sa eat – ik kin it net beneame,
It sil syn stee ha oan bewittens seame –
Is it fier ôf, de wurden haww’ gjin macht,
Mar by syn oanreits silst dyn sillichst dreame.
 
     VI
Dan sjoch ’k de dichten oan dy’t ik gearbrocht ha;
’t Is goed, ’t is tsjoed, mar wêrta tsjinje hja?
     – In jonge earne, en in wrâld giet iepen,
De sinne, mem… It doel? Dan kòmt it sa.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *