JUSTER

JUSTER

 
’t Wie juster, sa’t de greve skôge it wurk:
De kling, dy’t húsman houde ta in wier
Foar fee en folts, har feilich honk;
Nòch flakke goaen’ wûnd’re sier.
 
’t Wie juster; effen kriemd hat sûnt
De himmelas. Wy komm’ te ried:
Wie ’t mânsker net as piramidebou
Foar keninggod? Us heitene died!
 
Is it noch juster? D’ oere rint
En stadich wint de see. Fersinkt it lân?
Draach oan it hoar, lis fêst mei iik.
En slút de gouden bân!
 
Sa wrotte oerbestean oan terp en dyk
As barren fan natoer. – Mar oare stûn,
Oftakke en ferslein d’ âldieuske krêft
En hie gjin hâld; sa is fergûn?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *