JONGFEINT EN DICHTER

JONGFEINT EN DICHTER

 
‘Moarn sil ik, ’t wurdt in skoane dei,
Der op út en wille ha;
It iis is sterk, de loft is klear,
Nei it ein fan ’e wrâld sill’ wy ta!’
 
‘En moarn sil ik it hôf yn it rûn,
En eagje de fjilden oer;
Blank leit it gea; wa wit wat lok
My bliid temjitte foer.’
 
‘Us trije – maten – yn ’e streek,
Dy komt gjin ien benei;
En doarp en stêd fljocht op ús ta,
Is uzes – en wurdt wei!’
 
‘De freonen dy’t myn jonkheid hie,
Dy binne fan my skaat;
Elts hat syn wrâld: de drege died,
It ienlik drôgepaad.’
 
‘Mar d’ oare deis, yn ’e iere moarn,
Myn maten binn’ fertein;
Hoe krij ik, lykme allinne dan,
De lange dei te’n ein?’
 
‘Myn jonge, faaks bring ik dy wer
Al ’t wûnder datste seachst;
Want yn myn hôf leit stil it park
Wêrst’ wyld trochhinne teachst.’

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *