JONGE FOAR ’T FINSTER

JONGE FOAR ’T FINSTER

 
Net jachtsje op ’e fyts de hege pipen oer,
En net paradestean dêr’t bûnt it folk lâns skoot,
Mar oan ’e stille kade mei it miere skip
In ink’le rinner sjen en hoe’t in wolken driuwt.
 
Wat bloeibegjin wint stal yn ’t wachtsjend tún?
Wat dream ferriist dy’t skraach in libben krinkt?
Giet leafde út nei strieljen skien en heech
Wêrfan in ôfglâns bliuwt, hoe djip it byld fersinkt?
 
Ik bin de rinner, âld, mar dreamer ek;
Noch jimmer haw ik macht te sjen yn oare skyn;
En as de oere komt, dan nimt noch dream
In âlde swalker mei ta gouden poarten yn.
 
En effen sjoch ik op; it each ferbynt,
Mar it betinken mear. En wie net sokken bân,
Gjin wei ta oare dream, wat soe ik dichtsje en dwaan,
In sleauwe ropper yn in neaken lân?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *