JONG

JONG

 
Ik bin noch jong.
Wol soms, in ljochte dei,
De ierd’ giet iepen as in nije blom;
En, sinne nei,
Giet oan ’e trâns de gouden freugde om.
 
En dichters reis
De wûnd’re lannen yn!
Ik swalkje mei, in ranke jonge maat;
O dream, o skyn!
Yn fiere wazen wykt it blanke paad.
 
Ik nim my nei
Al wat der oer my komt,
In bern yn frez’ en langst; in triljend hart
Waans rêst is nomd,
It kreatuer fan eigen gloed fertard.
 
Licht gean ik fuort
Noch yn ’e bloei ferslein;
Mar dy my sjocht sil sizze: hy wie âld
En wol tenein.
Wat frjemde dream hie yn dit lichem wâld?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *