‘JO LEZE FEST IN BULT YN JO EIGEN GEDICHTEN?’

‘JO LEZE FEST IN BULT YN JO EIGEN GEDICHTEN?’
 
Sa sei er mar, en nuver gong ’t my oan.
In wûnderlik trochskôgjen? Djipste driuw ferstien?
O wierheid, sa’t er ea in oanspraak foel!
In sjen: dit is it kostberst dat it libben hie;
Dit is de siele, dy de oerwel droech,
It waarmste fielen, ljochtste gloarjeskyn.
 
 
 
 

 
‘Ik wil muziek voor oude mensen, die
     nog krachtig zijn en omgeploegd met lange,
diepe voren en ongelovig…’
M. Vasalis
 
Hear ik dêrta? Hear ik dêrta?
Dan is it nee, dan is it ja.
(Dat ‘ongelovig’ is hjir oars wol sympatyk)
En as ik fierder gean – want der stiet mear
Wer is it ja, wer is it nee.
 
En as er soks net is, net is,
‘Dan wil ik zot en troebel zijn.’
Mar fanke, nee dat moat net ha,
Sa net op eigen ôfbrek ta!
Nim dan dochs mar wat wiisheid oan,
Dy’t wurgens lykje mei.
 
Sok dicht giet frijwat út nei ‘eks’,
It is net swier fan âld kompleks,
En sjarme hat it wis wol dizze kear.
Ik fûn it sa, útbrocht yn Libertinage;
Lit Gomperts dêr dan stil mar daazje.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *