JEUGD

JEUGD

 
Dêr stiet er mei it findel, slank en jong;
Rjochtop as in jonge beam. It antlit seit neat;
Net oars as jeugd. It findel hâldt er skean omheech.
Wat sprekt it út? Is it eat fan muzyk, fan sport of in
     ‘beweging’?
Likefolle, hy hat it net opmakke;
Hy draacht it, lit it wêze sport, muzyk of beweging!
 
My hat ris oandien it lêste portret fan in grut skriuwer.
Heech hie er opsteapele de boeken dy’t er makke hie,
– Fan lân en fan dream, fan fruchtberens en gerjochtichheid; –
Dêrby wie er sitten gûn en liet sa it byld nimme.
Idel en berneftich? Mar ik krige er de triennen by yn ’e eagen;
Hy siet der sa lyts en âld en hoe wie it wêzen ferfallen!
En it ein soe him net lang wachtsje litte.
 
Dit is wòl oars. Rjocht as in jonge din. De foarholle glêd;
En boeken hat er wis net makke.
Hy wit dat hja ferfeelsum wêze kinne, mar ek wol ris fermeitsje,
Dien hat er noch neat.
Of dochs! Of dochs! Mei syn jeugd hat er freugde jûn!
Hjir jout earnst foech, mar ek wol is sinen in strieljende laits,
As in glâns dy’t opkomt út de natoer.
No stiet er stil, mar aanstons sil er flink fierder stappe
En it findel drage troch de ljochte strjitten,
Foar sport, muzyk of beweging!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *