JEUGD EN JELD

JEUGD EN JELD
 
Wat woll’ hja fan de âlde dichter ha,
As ’t oansyk komt: reedzje ús wat poëzije;
It âlde fielen is net wat it wie,
Hoe moat it rymjend wurd syn gloede krije?
 
De âlde dichter giet de keamers lâns
Dêr’t al ferline’ goede bylden rêste,
Mar alle jonge gloarje is ferslein
En stommespyljen is foar wis it bêste.
 
Mar dan sa mar ynienen komt it op:
Ut dom ferdôvjen riist it goede witten.
– Is dat dy jonge freon fan earen net?
Soks mei dochs wol in heuchlik barren hjitte.
 
Yn Ynje hat er west. Wie ’t goed? ’t Is goed.
Hy giet er wer nei ta en net allinne –
’t Is dêr wat oars as hjir op ’e ripe stean,
Mar hy hie krêft in heger steat te winnen.
 
‘En dan de broer?’ ‘Yn Frankryk hâldt er ta.’
Him hat de dichter doe, syn bêst, besongen;
In moeten en in gean, in jong’re kaam him nei
Op ’t selde stee. Fan dizze no dit sjongen.
 
Fan ’t stik de boarne? Minder wol de skient’
Wêrút âldieus sonnetten’ streamen rinne;
De jeugd, natoer, it ljochte iepen gean,
En ta de siele dan eat fan beminnen.
 
O jonge tiid, dyn maten binn’ fertein,
Mar d’ âlde tiid haldt stân; dan jong ferskinen
Komt somstûn’ op en bringt syn blydskip mei;
Sa is foar ’t âlde hûs goefreugd te finen.
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *