IT WIE IN DEI FAN REINEN

It wie in dei fan reinen
De loft egaal en skier;
En ticht hong op ’e ierde
It swurk fan wetter swier.

Wy sieten smûk en fredich
Op ’t stalhout byinoar
En tochten net oan boartsjen
En fleanen bûtendoar.

It wienen moaie teltsjes
Dy’t Auk ferhelje koe!
Dêr ’t folts mei nuv’re gongen
Syn dream yn stâle woe.

De mûskeblom foar ’t finster,
My tinkt ik rûk him noch,
En d’ âlde teltsjes geane
My wer de holle troch.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *