IT TSJERKJE FAN FRANSUM WURDT

IT TSJERKJE FAN FRANSUM WURDT BESINNINGSSINTRUM
 
Kenne Jimme it tsjerkje fan Fransum?
Dat is dat Grinzer doarpke mei dy stiennen preekstoel, mar
     bepleistere en opferve;
Ik mei frij wat leaver lije dy stiennen fuotpaden, dy’t dêr binne
     as nearne oars.
O dy paadsjes mei har houten frij útgeande yn de greiden! –
Yn dat tsjerkje wurdt net mear preke en no sille hja dêr oan
     it ‘besinnen’.
Wat in blydskip as hja dan mar nei de stim fan it Fryske
     ferline lústerje,
En dy dôfhûdige Saksyske âldman gjin baas litte!
 
Ik haw ek wol myn besinnen yn dat doarpke hân,
Wie it net yn ’e tsjerke dan wol foar de pleatsen oer.
De âlde binhuzen en de Fryske skuorren haw ik foar my hân
Ek sa goed as yn Koarnwert en yn Ingwier.
En no sjoch ik dan de Wiersema’s en de Wieringa’s dy’t
     myn freonen wienen
Op wei nei it doarpke om it âlde libben te betinken,
Sa’t de foarfaars it droegen oer tiden en teamen.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *