IT TESTAMINT

IT TESTAMINT

Jimm’ kenne wol dit âld ferhaal?
In man yn in sliepstee stjert; der is in testamint:
‘Oan ’e bern lit ik nei al ’t fjild: de parken fan ’e stêd
As boartersplak, mits net fertraapje it blomt’.
Oan feint en faam lit ’k nei de leafde: stjerreskyn
Om dêr nei op te sjen; de glâns fan ’t ideaal;
Oan dy’t net jong mear is jou ’k d’oantins fan har jeugd;
En grutte dichters sang, trochstrield fan jonkheids gloed’.
Sa lêst de wetsman. Skealik laket de baas fan ’t hûs
En oaren. Mar ien seit: ‘Dat is in moaier dicht
As ’k ea yn skoalle lies!’ Sa skreau er foar ús op
Dit simpel stik fan dream en poezij; ik brocht it oer
Sa ’t ta my kaam; ’t fereasket útlis net.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *