IT MOAISTE FAN EUROPA

IT MOAISTE FAN EUROPA
 
‘Dit is no it moaiste fan Europa,’ sei myn omke, dy’t in bulte
     reizge hie;
Wy stienen op ’e seedyk earne by de Skústertille.
Lofts de see en rjochts de wei bochtsjend troch de boulânen;
Dan de beide doarpkes en de tuorren fan Allingawier en
     Boalsert,
En miskien eat fan de koaien.
 
Letter haw ik der wat fan sjoen doe’t ik dat Sweedske fers
     fan Sikkema mei belibje mocht;
Fan dy twa stille minsken mei har wein de kustwei lâns:
‘Siedfjilds waarmjend rûzjen hinget oer it paad,
Alles geurt nei nôt en waad’.
 
Nee, kandidaatnotarissen dy’t dêr op útgean sille it net altiten
     fine,
Mar sa’n ien as Sipke – is soks net syn gea? – sil it belibje kinne,
En wol ris in arbeidersminske dy’t op de dykskroane stie
En dy’t mear witten hat as it deiske allinne.
 
De see is fuort en oare byldstikken binne fuort, mar dy skiente
     hat west,
En wêrom soe wat west hat minder wêze as wat komme sil?
Stiet it net allegearre yn it grutte boek beskreaun?
O de ljochte siden dy’t ús ferline’ freugde drage!
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *