IT LINEBLED

IT LINEBLED
 

Oan ’e stêdsgrêft stiet it âldmannehús;
In plat gebou yn l8de-ieuske trant;
Foar hûs, yn ’t túntsje, in linebeam jout skaad;
De finsters binn’ mei kreaze rantsjes sierd,
Yn ’t donkerblau.
 
In blêd lit los en falt.
Sêft saait it del. Hoe licht,
Sa sûnder wyn! It earste fan dit jier?
En effen moat ik tinke oan it folk
Fan ’t hûs. Sa sil faaks moarn
Ek losreitsje ien en falle sêftkes del
As ’t lineblêd.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *