IT LIET

IT LIET

 
It is gjin ryk en strieljend liet,
Gjin heechste bloei fan jonge macht;
’t Nimt gjin oerdwealske fliten mei
En is net wêr’t it wrâldtij slacht.
 
Mar it is Fryslân, sa’t it leit,
Dêr tusken sân en see; in hert,
Dat Fryslân skoep, syn wêzen joech
En freugdegong dy’t net ferstjert.
 
Sa kin it wêze, dat nei kear
En slach, as mannich ding fergong,
Noch trillet eat dat Fryslân is,
Sa’t it yn dizze siele song.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *