IT LIBBEN DAT FERGONG

IT LIBBEN DAT FERGONG

 
In macht’ge rige stiet oan ’e oare kant.
De foarsten binn’ my nei: hoe klear en grut
Haw ik har foar my stean, sa libben as
Wa’t nêst my is! En mei har komt
It folk dat har bestiet; dy hjitte libben noch,
Mar wat har stalte wie, ferstoar sa goed
As dy’t men deaden neamt; of better wol
It iene bleau as ’t oar.
 
Hja binn’ net bûn
Oan foarmen fan ien dei; ’t giet hinn’ en wer
Sa as de siel ferweecht: in wiks’ljend spul.
De freonen fan myn jonkheid allegearre
Gean my foarby. Ik sjoch har wêzen klear,
De dei, de wyn dy’t troch de reiden giet,
Nimme har op; der is gjin skied
Fan doe en no; dy’t oer de tearen rint
Fan ’t wetter, draacht har byld.
 
Myn stalten bring ik gear nei doarp en stee;
En yn it hûs de slachten komm’ en gean:
Sa is it drager fan in fiere stream;
Mar fêster hâlde wier en wurk’bre grûn.
O hûs en terp en lân! Hoe fiere jimme mei
Nei tiden griis en âld! De brike muorre
It tek, it lytse ramt, hja sprekk’ in taal
Us nei en goed. En op ’e terp mei plak
Foar went en hiem – feilich lyts ryk
Opboud fan eigen krêft – o as wy stean
Dêr heech oer ’t gea en sjen de lânen oer,
Hoe komt in machtich fielen by ús op!
Har weiden, moedsum lutsen by de hichte op,
Komm’ op ús ta; wer roppe oer ’t fjild de kij,
En effen hearre wy it eineguod.
O fliten lang fertein! Hjir mei jimm’ del te gean
De himrik út, oan ’e ie ta dy’t
De geaen skiedt! It gers fiel ’k yn myn hannen
En ik rûk de grûn…
O dit giet bûten tiid! Wy binne diel
Fan selde wrâld, hoe koe der oars
Sok fielen troch ús gean?
Ien siele, ien begryp omfiem’t it al.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *