IT JIER LANS
Foarmoanne
Yn Sierd syn tintsje is it lij,
’k Sil sjen dat ik wat molke krij.
Sellemoanne
Us wouterman fernimt it skoan:
Pibe komt der mei ’t fleske oan.
Foarjiersmoanne
Pier by ’t ljeppen fangt in snoek,
Moat nei hûs mei in wiete broek.
Gersmoanne
As de hokkelingen fan ’e stâl ôf komme,
Mije hja net de finneblommen.
Blommemoanne
Hoe lustich en froalik is de tiid
As de rikketik troch de lânen giet.
Simmermoanne
Op ’e haiwein nei it swyljen ta,
Hy rattelt op ’e miedwei sa.
Heamoanne
En hoppe, brûk no dyn ferstân,
Jan bringt dy feilich nei it lân.
Rispmoanne
Rein en Simen yn ’t partoer
Slaan de bal de weareld oer.