IT HUSKE

IT HUSKE

 
It húske haw ik goed yn my opnomd:
Keal sûnder beamte stiet it yn ’e greide,
By de seedyk.
In stek skut it ôf fan it finstik,
Wêr’t in âld hynder
Haffelt yn ’t reidguod.
In keamer hat it hûs en in skuorke;
Bleekgriis de muorren,
Tarre it skuorke.
In seilbokse wappert oan ’e line,
En de wyn rûst troch de tillegraaftrie.
 
Soene wy stjerre?
Yn it húske libje tûzen bleekgrize huzen,
Ofbrutsen en fergetten
Mar de trie rûst har namme.
Yn it finstik libje tûzen ôfearte lânen,
En de hynders dy’t it bebieten,
En de hannen dy’t it bedolden,
Sa sil ús lân en ús hûs bestean!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *