IT GEA

IT GEA

It hege ljocht, de koele wyn,
De tichte, blanke wei
It draacht my alles, sterk en wis
Nei jonge tiden mei.
 
Dêr leit it gea; it hege stee;
Elts hûs in fêste wrâld;
De grûn, har dracht, har stege krêft
Hat oer de dagen wâld.
 
De lodde rusket net; it stiel
Giet troch de stânen, fûl,
En sûnder wyl lan lef bejaan;
Wat falle moat, hat gjin beskûl.
 
Hjir foeget krêft, him sels genôch,
De lange jierren rûn;
En strang komt eltse weageslach,
Oan ivich ritme bûn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *