IT GASTMIEL OP DE JIERDEI FAN HERODES

IT GASTMIEL OP DE JIERDEI FAN HERODES

(earste diel)
 
Fersen 27292745
 
Doe wiene yn it jier-tal
des Joadekenings
de tiden kommen,
sa as teld hiene
froede folksmannen,
dat hy berne wie,
ta it ljocht komd;
no wie de ljuwe’ brûkme
dat elts fan de jarlen
dat fiere soe,
de Joaden mei in gastmiel.
Doe waard dêr yn it gastseal
in weldige macht
fan mannen fersamle,
fan hartoggen yn dat hûs,
dêr’t har hear wie
op syn keningsstoel.
Kamen yn mannichte
de Joaden yn it gastseal
waard it hert har froalik,
bliid yn har boarst;
hja seagen har gasthear
brocht yn ferheuging.
Droegen hja wyn yn ’t fertrek,
ûnfersneine yn skalen.
Skinkers, rûngeande,
gongen mei gouden kannen.
Freugde wie dêr binnen,
lûd yn it hal-seal,
de helden dronken.
Hie syn lust dêr oan
de lânsharder,
wat er de manskip it measte
ta wille soe biede.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *