IT FRYSKE FJILD

IT FRYSKE FJILD

 
Dit is wol de lêste kâns.
Ik haw de frjemde kontreien ferlitten
En bliuw by har sa lang as hja my wit fêst te hâlden.
Ik sil sjonge fan wat hja mei macht my yn lichem en siele
     driuwt;
Mar as har feinten gjin krêft hawwe en har lichem gjin
gloede,
Dan sil ik har dochs wer ferlitte.
Ik wol bliuwe sa lang oant de greiden stjerre en de bou bleat
     leit,
Om’t oan ’e ein ta wol ik har belibje.
     – As ik goed sjoch is de finne al wat skraal
En de loffen begjinne te wyljen;
Mar it reid rûz’t mei griene leaven en jonge plumen
En de flinters wjokkelje oer it boustik.
 
Shakespeare en Rilke binne blêden dy’t falle.
Ik siikje no nei wylde boerinnen,
En ik moat Goasse Gerbens jonges hawwe as hja de kij it
     spantou om de poaten bine.
Mar ik bin dochs bang dat dy feinten my hjir net hâlde kinne,
Al binne hja ek natsjonaal en soasjalistys tagelyk.
Dan sil ik it Fryske fjild wer ferlitte moatte
En allinne de dream sil oerbliuwe.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *