IT FRYSK

– It giet net oan fan al te frjemd gewas
Yn sljochte folkstaal ’t nuver moai te sizzen,
Of fan it tinken, dat de wrâld omfet,
De jimmer wider rûnten út te lizzen.

Mar ’t moai, dat ek it folts, it bêste, sjocht,
Dat lit him treftich yn dy taal beskriuwe,
En fan ’t bestean fan minsken, ’t libben sels,
Sil mear as yn in keunsttaal ’t wêzen bliuwe.

– En freonen, Fryske dichters, wit it wol:
In lytse keppel lústert nei jimm’ sangen,
En dy’t oan ’t Frysk syn tinzen tabetrout,
Dy hoecht gjin rom of eare te ferlangen.

Mar ’t binn’ syn eigen sibben, wêr’t hy foar
It moaiste jout dat libbet yn syn siele,
En troch de wjerklank yn har eigen hert
Kinn’ hja as nimmen oars it mei him fiele.

– Bliuw freonen dan oan ’t wurk; gjin frjemde keunst
Hat sangen, dy’t as jimme liet ús hagen.
Dy’t sa as d’ eigen taal ferrommen ’t hert
Mei neitins swiet en ’t lok fan âlde dagen!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *