IT FERLINE

Ik stie op ’t hege tsjerkhôf
En seach de fjilden oer;
As âlde kunde wonk my
Sa mannich Fryske toer.

Om toer en tsjerke hinne
De doarpen yn har noed,
En yn ’e flakke greiden
De pleatsen, stil en froed.

’t Wie Peaske, en de finne
Blonk fan it earste grien;
op ’t hôf in ink’le teister
Woechs om in grize stien.

O, âlde boer, waans biente
Hjirûnder is fergûn.
As ik stiesto op ’t tsjerkhôf
En seachst de fjilden rûn.

Dan hiest it mei de buorlju
Oer wat de tiidgong joech;
As dom’ny kaam, yn tsjerke,
Dêr harkest en waardst slûch.

Dyn wiif sit op ’e stuollen,
Rjochtop, as ’t yn tsjerke heart;
Al moast hja twa kear tsjernje,
De preek ûntkomt har net.

It is sa’n warber minske,
En in bêsten foar ’e bern…
O leave, koe ’k jo mar efkes
Yn jo âlde wezen sjen.

Ek woe ik strak út tsjerke
Jo wol ris ta wurden ha,
Faaks is ’t noch yn ’e kunde
Troch beppe’ beppe of sa.

Wy kinne tegearre, boerinne,
Dan prate oer âld en nij
Sa dreamd’ ik op it tsjerkhôf
Yn nuv’re mimerij.

Want, o wat leafde bynt my
Oan minskene libben fêst,
En ’t ferline, dat wûnd’re sechje,
Dat lit my net mei rêst.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *