IT ALDE SLOT

IT ALDE SLOT

 
Bin ik it allinne noch dy’t wit
Fan al it leaflik reau,
Dat yn in jimmer warb’re dream
Troch jonkheids dagen dreau?
 
Sis, witsto noch dat âlde slot
Mei dy grêft yn it koele skaad,
En dy fazen mei rynske blommetoai
Nêst it brede moarmeren paad?
 
In famke giet drôgjend de treden ôf
Nei de donk’re, stille grêft;
De giele blêden fan neisimmertiid
Allinken bejouwe har sêft.
 
It famke dreamt de fûgels nei
Dy’t gean oan ’e hege loft;
In stille weemoed driuwt er oer
Fan it fiere wjokgeroft.
 
En witsto dy grêft yn wintertiid
Mei dat iis sa wûnderklear?
Yn ’e slottún steane de beammen keal
En haww’ gjin geheimen mear.
 
Fan ’e toer bliest de wacht. Hoe it gouden lûd
Oer ’e stille fjilden klinkt,
En hoe op stins en fiere lân
De kleare moanne blinkt.
 
Sjoch, komme gjin ruters de hichte del,
Tsjin ’e blanke snie sa swart?
Hark, klinkt net oer ’e hurde wei
Fan horzen in draven koart?
 
*
 
Mar och, wat is sok nietich spul
Foar myn freonen, wiis en âld?
Hja hawwe fergetten it âlde slot
En berne dreamewrâld.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *